€ 24,50


ePUB ebook

niet beschikbaar

PDF ebook

niet beschikbaar

Wyntrilogy

Hilda Talsma • Boek • paperback

  • Samenvatting
    Yn dizze trilogy binne trije skûtskjeromans fan Hilda Talsma bondele. Yn diel 1, Wyn fan feroaring, treft de jonge húsdokter Johanna Kamstra har neef Ate en har âlden foar it earst nei jierren wer. Dat is it gefolch fan it testamint fan omke Hannes, dy’t harren allinnich syn foarstlike erfenis neilit as se mei elkoar syn skûtsjekasko klear meitsje foar de IFKS-silerij en dêrmei by de earste trije eindigje. Johanna har mem Connie en dy har suster Bonnie, koartwei de Onnie’s neamd, binne fan it begjin ôf oan smaakmakkers yn dit boek mei har flotte Ljouwerter taal en prachtige útspraken. Yn diel 2, Wyn fan de wierheid, sylt de famylje Kamstra foar de earste kear mei de Alinde yn de grutte A-klasse, en dat soarget foar de nedige spanningen. As se op ’e falreep sûnder folchboat komme te sitten, moat it skip fan Ate en Johanna tsjinst dwaan as sintraal punt. Se moatte roeie mei de riemen dy’t se hawwe om de holle boppe wetter te hâlden … yn mear as ien opsicht. Yn diel 3 Wyn fan de winners sil de famylje Kamstra besykje om wer yn ’e grutte A-klasse te kommen, mar Ate hat der klauwen oan om alles yn goede banen te lieden en Johanna hat oare prioriteiten. De nije bemanningsleden út Frisum soargje, tegearre mei de Onnie’s, foar de nedige konsternaasje en sadwaande wurdt it wer in wike fol ferrassingen. Dizze hearlike boeken fol spanning, aventoer, humor en romantyk, nimme de lêzer mei yn ’e wrâld fan de skûtsjesilerij en de simmer yn Fryslân. Hilda Talsma (1971) is in flotte skriuwster dy’t har spoaren al mear as fertsjinne hat yn de Fryske literatuer. Se begûn mei trije romans oer it doarpke Frisum. Dêrnei skreau se it boek Brekber, oer it bysûndere hynstefamke Sinne. In pear jier letter ferskynden de skûtsjeromans Wyn fan feroaring, Wyn fan de wierheid & Wyn fan de winners. Yn De Onnie’s en it hynstebal komme personaazjes út al dizze romans wer werom. Tuskentroch skreau se de jeugdroman Slangen ûnder it bêd en yn 2021 skreau se it boekewikegeskink Lockdownleafde. Yn har boeken stiet de minsk en de leafde yn al syn foarmen sintraal.
  • Productinformatie
    Binding : Paperback
    Distributievorm : Boek (print, druk)
    Formaat : 146mm x 211mm
    Aantal pagina's : 492
    Uitgeverij : Elikser B.V. Uitgeverij
    ISBN : 9789463653565
    Datum publicatie : 07-2021
  • Inhoudsopgave
    niet beschikbaar
  • Reviews (0 uit 0 reviews)
    Wil je meer weten over hoe reviews worden verzameld? Lees onze uitleg hier.

€ 24,50

niet beschikbaar

niet beschikbaar



Op werkdagen voor 21:00 besteld, morgen in huis!
Veilig betalen Logo
14 dagen bedenktermijn
Delen 

Fragment

niet beschikbaar

×
SERVICE
Contact
 
Vragen