€ 8,95


ePUB ebook

niet beschikbaar

PDF ebook

niet beschikbaar

42 Fûgels oan ús kusten 42 Vögels van uns Küsten

Steffen Walentowitz • Boek • hardback

  • Samenvatting
    Der falt hiel wat te ûntdekken yn dizze natoergids foar bern mei 42 kustfûgels mei harren geheimsinnige libbens en twa talen: it Frysk út de Nederlânske provinsje Fryslân en it Platdútsk út East-Fryslân yn Dútslân. Oan de kust bart wat ûngewoans. Twa kear deis lûkt de see him werom en jout de seeboaiem frij. It wetter komt en giet. Eb en floed wurdt dat neamd. De seeboaiem bestiet út sân en in hiel soad slyk, it saneamde waad. It griisbrune slyk is ûnfoarstelber ryk oan bisten en planten.In ûneinich soad moksels, wjirms, kreeften en algen libje op en yn 'e boaiem. En yn 'e slinken dy't troch it Waad rinne, binne hielwat fisken te finen. Foar fûgels is de kust in rynsk klearmakke tafel.Se kinne der hearlik ite en fretten fine foar harren jongen. De Waadsee is it grutste waadgebiet fan 'e wrâld. In geweldich grut lâningsplak foar miljoenen hongerige trekfûgels, dy't der útrêste kinne, en in prachtich plak foar briedfûgels. Hiel wat fûgels bouwe harren nêsten fuort oan 'e râne fan it waad, benammen yn 'e dunen op de eilannen en op de kwelders. De Waadsee is sa belangryk dat er as Nasjonaal Park strang beskerme wurdt en ta wrâlderfgoed ferklearre is.
  • Productinformatie
    Binding : Hardback
    Distributievorm : Boek (print, druk)
    Formaat : 193mm x 217mm
    Aantal pagina's : 100
    Uitgeverij : Stichting Algemiene Fryske Underrjocht Kommisje Afûk
    ISBN : 9789492176608
    Datum publicatie : 10-2017
  • Inhoudsopgave
    niet beschikbaar
  • Reviews (0 uit 0 reviews)
    Wil je meer weten over hoe reviews worden verzameld? Lees onze uitleg hier.

€ 8,95

niet beschikbaar

niet beschikbaar



Op werkdagen voor 21:00 besteld, morgen in huis!
Veilig betalen Logo
14 dagen bedenktermijn
Delen 

Fragment

niet beschikbaar

×
SERVICE
Contact
 
Vragen