€ 19,90


ePUB ebook

niet beschikbaar

PDF ebook

niet beschikbaar

En it hie sa moai wêze kinnen

Durk Van der Ploeg • Boek • paperback

  • Samenvatting
    ‘It wie in ûngemak. Se is fallen, of net goed wurden. Nee. Nee. Der barde wat. Ja, wat is der bard? Do hast it net sjoen. Wiest dan op it hiem? Stiest njonken de dobbe doe’tst har heardest? Rôp se? Hat se in gjalp jûn? Of stiest by it hjid dehok? Ik soe in mannich planken fêsthuffe. Faaks ha ’k yn ’e steich tusken de droech - loadsen stien. Heardest noch dat se de doar tusken it gonkje en de loads tichtsloech. Of wie dat de miggedoar? As Baef nachts nei ’t hús ke moast, heardest ek altyd sa’n klets. Ik skrok my bytiden dea. Krekt wit ik it net, mar der sloech wat. En doe dy gjalp. Of wie ik op Stad Niks om iten foar de geit? Hast neat heard. Se wie al kâld doe’tst har fûnst. It triedsjeread, dat har sa sûn troch de wangen floeide, waard al blau, tsjin ’t swarte oan. Do hast it net dien. Do kinst it net dien ha. Do wiest efter yn ’e klyn dolten, yn it fjild. Of dochs net? Wêr wie ik? Hiest earst de plysje warskôgje moat ten. Of by de Brúnsma-jonges dokter belje. Mar koest net by har wei. En do wiest hjir allinne mei har.’ Ut: De winter komt ‘De winter komt’ is it ferhaal oer Brand, in man op jierren. As er syn frou dea fynt yn ’e loads, fertizet er yn fragen dy’t er himsels stelt. Wannear’t it net ta antwurden komt, beslút er har yn ’t hiem te bedobjen. En as de feiten in bedriging ­foarmje, sjocht er gjin útkomst. ‘Bertegrûn’. In jongfeint fynt it hiem dêr’t er opgroeid is ûnder opspuite lân en dolt in hoale om yn te wenjen. As se syn bousel mei de shovel opromje, wurdt er ­bedobbe yn syn hoale. ‘De Sniewinter’ giet oer in widner en in keunstneres dy’t yn it tsjerkje fan Teard har atelier hat. Dy winters falle der protten snie en de keunstneres rekket ­ysolearre. De widner soarget foar­ iten. De keunstneres skildert hûs en hokken fan de widner. Har skilderijen wurde bekroand, mar de gemeente lit de hokken opromje. In striid oer keunst en amtlike regels. JABIK VEENBAAS: ‘It wurk fan Van der Ploeg kriget grutte krêft bywannear't er syn haadfigueren ticht op 'e hûd sit. Topwurk levere er ôf mei de novellen Bertegrûn en De winter komt.’
  • Productinformatie
    Binding : Paperback
    Distributievorm : Boek (print, druk)
    Formaat : 143mm x 212mm
    Aantal pagina's : 240
    Uitgeverij : Het Nieuwe Kanaal
    ISBN : 9789492457363
    Datum publicatie : 08-2020
  • Inhoudsopgave
    niet beschikbaar
  • Reviews (0 uit 0 reviews)
    Wil je meer weten over hoe reviews worden verzameld? Lees onze uitleg hier.

€ 19,90

niet beschikbaar

niet beschikbaar



0-1 werkdagen
Veilig betalen Logo
14 dagen bedenktermijn
Delen 
×
SERVICE
Contact
 
Vragen